Brede Skoalle op 'e Jouwer: skep kin om ús rap de grûn yn!
De Jouwer krijt nei 13 jier einlingens in Brede Skoalle; sa hat hast de hiele gemeenteried besletten. Allinne de VVD koe net meigean yn it beslút sa as no foar lei, mar is wol foar in brede skoalle. It konsept sa as it oannaam is, is presys neffens de ideeën fan de FNP: ynklusyf húsfesting fan it Toanhûs en allinnich dy saken dy't direkt fan belang binne foar it ûnderwiis en de bern. It gehiel komt te stean oan 'e Julianaleane. Fierders is der ûnder oaren ek plak foar: wolwêzensorganisaasje Miks, kultuersintrum It Toanhûs en berne-opfang SKIK.
AKTUEEL:
20-08-2010 -
Riedsgearkomste 25-8 giet net troch (Nijs - Fraksje)
De riedsgearkomste fan woansdei 25 augustus giet net troch. Der binne gjin ûnderwerpen om oer te praten, allinne ynkommen stikken. Dizze wurde yn de riedsgearkomste fan septimber behannele. Op moandei 23 augustus is der wól fraksjegearkomste.
17-08-2010 -
Twitter en Hyves (Nijs - Fraksje)
Ús Hyves-profyl seit it al: mei wat mear minsken wy kontakt krije kinne, wat leaver wy it ha. In soad minsken, wêrûnder in protte jongerein, siket kontakt mei inoar fia ynternet. Dêrom stapt de FNP-Skarsterlân neist it Hyves-fjild (wat wy al hienen) no ek yn it Twitter-fjild!
29-07-2010 -
Ballonfeesten De Jouwer, 2010 (Nijs - Algemien)
Ek wy wienen by in prachtich moai Skarsterlân's evenemint: de Ballonfeesten op 'e Jouwer! Ús fraksjelid Jochum hie sels op 'e earste jûn (waansdei 28 july) in ballonflucht wûn yn de MediaMarkt ballon (spitigernôch net yn 'e ballon dy't jimme as earste sjoche; de Fryslânballon). Hjirûnder inkele foto's fan de ballonnen en ek fanút de loft (jo moatte mooglik earst op de reade titel hjirboppe klikke).
28-07-2010 -
Boerebrulloft en Hurddraven Joure, 2010 (Nijs - Algemien)
Foarôfgeande de ballonfeesten wie ek de Boerebrulloft en it Hurddraven yn de Midstrjitte. Sjoch hjirûnder foar inkele foto's (jo moatte mooglik earst op de reade titel klikke).
14-07-2010 -
Arjen de Ree: Jouster kuierke (Weblog)
Tiisdei te moarn naam ik, Gildemeester Arjen de Ree, wethâlder Jan Benedictus mei op sleeptou troch it âlde sintrum fan De Jouwer. Jochum Meester, it jongste riedslid fan de gemeente Skarsterlân, makke it ploechje kompleet. Fan út it gemeentehûs waard starten, de leane waard nei efteren ta del kuiere oer it heechhout mei oan de linkerkant de Oranjerie.
02-07-2010 -
Chris van Hes: Ferklearring fan ôfstân (Nijs - Algemien)
Op woansdei 30 juny haw ik, foar it each fan de boargemaster, offisjeel en formeel in fersyk dien om ôfstân te dwaan fan myn Nederlânske nasjonaliteit en derfoar yn it plak de Fryske oan te nimmen. Dit as Nederlânsk steatsboarger. De boargemaster hat dit fersyk ôfwiisd, om't er him oan de wet hâlde moat. Derom bliuwt it sa as it is. Yn dit stik lis ik út wat de ferklearring ynhâld, wat de konsekwinsjes binne en wat myn motyf is.
01-07-2010 -
Brede Skoalle op 'e Jouwer: skep kin om ús rap de grûn yn! (Nijs - Fraksje)
De Jouwer krijt nei 13 jier einlingens in Brede Skoalle; sa hat hast de hiele gemeenteried besletten. Allinne de VVD koe net meigean yn it beslút sa as it no foar lei, mar is wol foar in brede skoalle.
29-06-2010 -
Jochum Meester: "Dy't in hûs bouwe wol moat earst spikers telle" (Weblog)
In tige dreech ûnderwerp yn dizze tiden fan krisis en wit ik net wat allegearre is: jild. Ek yn de Rie hawwe wy der fansels in soad mei te krijen, foaral yn de kommisje Bestjoer en Finânsjes wêr’t ik tegearre mei Janke en Wiebe yn sit. Sa moatte wy yn Skarsterlân flink besúnigje, want wy krije minder jild út De Haach wei. Mar wy hawwe yn Skarsterlân ek noch in pear flinke projekten op papier stean, lykas de Brede Skoalle en it MFC Aldehaske. Sokke projekten binne al fier yn it ferline ynsetten en de hjoeddeistige koalysje fan FNP en CDA tinkt dat dy projekten dan ek sa folle mooglik realisearre wurde moatte.
16-06-2010 -
"Fryslân is de moaiste provinsje" (Nijs - Algemien)
Fryslân is de moaiste provinsje fan ús lân. Dat fynt de Vereniging Nederlands Cultuurlandschap. Dy organisaasje hat alle provinsjes beoardield op ûnder oare de oanwêzichheid fan natuer en bosk en op it behâld fan it oarspronkelike agraryske karakter.
10-06-2010 -
"Lemsterlân stimt yn mei fúzje" (Nijs - Weryndieling)
De gemeenteried fan Lemsterlân hat moandei 31 maaie ynstimt mei it útstel om te fusearjen mei Skarsterlân en Gaasterlân-Sleat. De rie folget hjirmei it kolleezje fan boargemaster en wethâlders dy't yn april unanym oanjoen hat foar de fúzje te wêzen.